Blog: Jantsje hat einliks in pear skiepkes

31 maaie 2012 - 11:59

Oan de ein fan de middei ha we ôfpraat mei Paul en Jantsje fan Wolferen. Se ha trije soannen. De âldste wie 17 doe't se hjir fiif jier lyn kamen. Hy wie der eins ek poer op tsjin, mar nei in jier woe hy net mear werom.

Paul en Jantsje wurkje beide yn 'e soarch. Dêr is hjir yn Värmland wol wurk yn te finen. Paul is ferpleechkundige en Jantsje 'personal assistant'. Dit hâldt yn dat se 24 oeren soarch jout oan ien persoan. Yn Sweden bliuwe minsken mei in hendikep yn prinsipe thús wenjen. Se krije thús dei en nacht in 'personal assistant' dy't har oeral by helpt. De persoan hat folseine rezjy oer syn/har eigen libben. Dit wurdt allegear betelle en regele troch de gemeente.

Sa lang as Jantsje yn Sweden wennet hat se altyd sein dat se graach skiepkes ha woe. Se spint sels ek. Doe't der in âld mantsje syn skiepkes fuort dwaan woe kaam hy by Jantsje. Sûnt juster rinne der no trije skiep njonken hûs.

Trefwurden: 
argyf Sweden
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)