FIDEO: Fryske koereur wol gefaarlikste motorrace ride

Motorkoereur Bertus Folkertsma fan Tzummearum wol takom jier meidwaan oan ien fan de gefaarlikste motorraces op 'e wrâld. Dy op de Isle of Man, in eilân foar de Britse kust. Al sûnt 1907 race de motoaren dêr alle simmers rûntsjes oer it eilân. En alle jierren ferûngelokje der sa'n twa motorkoereurs.
Folkertsma riedt him al in goed jier ta op de swiere kwalifikaasjerace fan 28 augustus dit jier. It rûntsje giet oer 60 kilometer. De grand prix sels, de wedstriid, is 240 kilometer lang. As Folkertsma him kwalifisearret mei er takom jier meidwaan oan de race.
Dokumintêremakker Wilfried Bijma en kameraman Dirk Hofstede folgje Folkertsma foar Omrop Fryslân.