MCL hanthavenet opnamestop fanwegen MRSA

07 aug 2017 - 17:04
Poppe yn kûveuze - Foto: ANP

Sikehûs MCL yn Ljouwert hanthavenet foarearst de opnamestop foar de ôfdieling neonatology en bernegenêskunde. Dy gie ferline wike yn, neidat der by seis lytse poppen de MRSA-baktearje oantroffen wie. De bern lizze sûnt dy tiid apart fan de oare lytse poppen.

De kûveuze-ôfdieling yn it sikehûs moat hielendal leech wêze om desynfektearje te kinnen. It duorret noch in pear dagen foardat de lêste bern ferdwûn binne fan de ôfdieling. In besmetting mei de MRSA-baktearje is gefaarlik foar minsken wêrfan de wjerstân bot fermindere is. It kin liede ta in longûntstekking of bloedfergiftiging. Njonken de seis lytse poppen binne ek twa meiwurkers fan it MCL besmet mei de baktearje.

Trefwurden: 
sikehûs MCL MRSA Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)