Wim Dankbaar moat famylje Marianne Vaatstra mei rêst litte

07 aug 2017 - 16:54

Publisist Wim Dankbaar mei gjin kontakt mear opnimme mei Maaike Terpstra, de mem fan Marianne Vaatstra. Dat hat de rjochtbank yn Haarlem moandeitemiddei besletten. Hy mei net mear by har oan de doar komme, e-mails stjoere, brieven skriuwe of belje. Docht 'er dat wol, dan moat er 20.000 euro betelje. Fierder moat Dankbaar publikaasjes oer de famylje fan syn site helje en in rektifikaasje pleatse.

De mem en de broer fan Marianne Vaatstra wiene nei de rjochter stapt, omdat sy wolle dat Dankbaar harren mei rêst lit. De publisist leaut net dat de feroardielde Jasper S. de moardner is fan Marianne Vaatstra. Yn ferskate publikaasjes hat hy dat de lêste jierren beskreaun. 

Nei in grut DNA-ûndersyk is yn 2013 Jasper S. út Aldwâld feroardieldefoar de moard op Marianne Vaastra. S. hat doe ek in bekentenis ôflein. Dankbaar is fan miening dat in asylsiker ferantwurdlik is foar de moard op Vaastra en it DNA-bewiis ferfalske is. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)