Earnewâld wint mei oermacht op De Feanhoop
It skûtsje fan Earnewâld hat moandei de twadde wedstriid fan de SKS op De Feanhoop wûn. Skipper Gerhard Pietersma wie mei de Twee Gebroeders as earste wer werom yn it Grytmansrak.
Protest
De wedstriid begûn in goed healoere letter as de bedoeling wie, omdat de skûtsjes fan Langwar en de Súdwesthoeke in protest yntsjinne hienen tsjin de wedstriidlieding. Se wienen it net iens mei de wize fan starten.
It is in foardewynse wâlstart yn it Grytmansrak, en de skippers hiene it idee dat se der net goed wei komme koenen. de wedstriidlieding hat mei de skippers praten, en metten, en om goed healwei trijen gong de wedstriid dochs los.
Diskwalifikaasje
It skûtsje fan De Jouwer is sûnder oanpassingen fan start gien. Dêrtroch kin it eins net oars oft se meie de rest fan de wedstriden net mear meidwaan. Neffens de SKS foldocht it túch fan it Jouster skûtsje Oeral Thús net oan de orzjinaliteitsregels. De SKS hat al sein dat se De Jouwer dêrfoar diskwalifisearje sille. Dat betsjut dat de SKS de rest fan it jier mei 13 yn stee fan 14 skûtsjes sylt.
Skipper Dirk Jan Reijenga reagearre emonsjoneel nei ôfrin fan de wedstriid. "Dit koe wolris de lêste west ha. It is fansels noch net offisjeel, mar de kâns is wol hiel grut. We besykje de kop omheech te hâlden, mar it is gewoan in hiel ferfelende sitewaasje. De oplossing kin blykber net yn dizze fjirtjin dagen fûn wurde."
Huzum oan kop
Skipper Johannes Meeter soarge yn de earste rûte fan de wedstriid op De Feanhoop foar in lytse ferrassing troch mei it skûtsje fan Huzum as earste om de boppeste tonne hinne te farren.
Huzum hie it twadde startnûmer lotte. De Heale Moanne wie mei startnûmer ien ek goed fuort. De oare skippen hienen it dreech om foar de wyn it Grytmansrak út te kommen. Se kamen yn in gribus telâne.
Striid
Yn de rin fan de middei sakke de wyn wat fuort. De striid waard der net minder om. Hearrenfean foel oan, Snits sylde nei foaren, en Earnewâld naam by de twadde tonne de kopposysje fan Huzum oer. Hiel knap, want Earnewâld hie it seisde startnûmer lotte.
Huzum en Earnewâld rûnen hieltyd fierder út, tsjin fjouweren hienen se minuten foarsprong op de rest fan in fjild, ûnder oanfiering fan debutant Klaas Westerdijk fan De Heale Moanne. Dy koe syn posysje yn de kop fan de wedstriid goed fêsthâlde.
Driuwerij
Trochdat de wyn oan de ein fan de wedstriid hast hielendal fuort wie, waard it foar de skippers hieltyd dreger om de gong der yn te hâlden. Yn it midden fan de float waard it ien grutte driuwerij.
Finish
De skippen finishten op itselde plak dêr't se ek starten wienen, yn it Grytmansrak. Se gongen der foar de wyn út, dus moasten de weromreis lavearje. Dat wie net maklik, omdat de sleat hiel smel is. De skûtsjes krústen deun by it publyk del.
By de finish fan de wedstriid lei Earnewâld rom oan kop. Se wiene it Grytmansrak al hast wer út foardat de nûmers twa en trije de krappe sleat ynfearen.
Foar de oaren siet it fenyn fan de wedstryd yn de sturt. Yn it smelle krúsrak kamen Huzum en de Heale Moanne mei-inoar yn oanfarring. Huzum koe de lêste tonne krekt frijsile. Dat slagge Grou net, dy moast in ekstra rûntsje draaie.
Protesten
De offisjele útslach is noch net bekend. De SKS meldt dat der earst noch protesten behannele wurde moatte.