Scootmobyl fêst yn greppel troch pleagjende jongerein

De man kaam mei de skrik frij © De Vries Media
De man dy't moandeitemiddei mei syn scootmobyl fan de dyk rekke op de Spoardyk by Froubuorren, seit dat dat barde, omdat in pear jongeren op de fyts net oan de kant gean woene. It ynsidint barde middeis. De man rekke yn in greppel beknipe tusken de beammen en koe der sels net weikomme. De jongeren soene laitsjend trochfytst wêze.
Foarbygongers troffen de man pas nei ûngefear in healoere oan en warskôgen de helptsjinsten. De brânwacht fan Sint-Anne, in ambulânse en de plysje hawwe help ferliend. De man rekke net ferwûne. De helptsjinsten hawwe de scootmoby út de wâl helle en doe koe de man wer fierder. De plysje ropt minsken dy't de jongeren sjoen hawwe, op om harren te melden. Dat kin op 0900-8844.