"Leppelbek hat baat by beheining fan Waadfiskerij"

07 aug 2017 - 15:59

"It fiskjen op it Waad moat mooglik beheind wurde yn it belang fan de leppelbek", dat stelt Petra de Goeij fan de 'Werkgroep Lepelaar'. It byld fan de leppelbek op de Fryske waadeilannen is dit jier bot wikseljend. Op Skiermûntseach is sprake fan in dramatyske delgong fan it tal pykjes, Skylge meldt in stabyl oantal en op It Amelân is sels sprake fan groei.

Dat de situaasjes op de eilannen sa útinoar rinne, hat neffens De Goeij te krijen mei ferskillen yn de broedmominten en it strikt fêsthâlden fan leppelbekken oan in eigen foeraazjegebiet. Om de stân echt bliuwend te helpen moatte je wat dwaan oan de fiskstân op it Waad, stelt De Goeij. Hoe't dat it bêste kin, moat neffens har fierder ûndersocht wurde. Beheining fan it fiskjen op it Waad is dan in serieuze opsje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)