UEFA: "Sherida Spitse is ien fan de bêsten fan it EK"

07 aug 2017 - 15:07

Sherida Spitse fan Snits is opnommen yn it team fan alve bêste fuotbalsters fan it Europeeske kampioenskip. Njonken Spitse hat it Europeeske fuotbalbûn UEFA ek fjouwer oare Nederlânske spylsters opnommen: keepster Sari van Veenendaal, ferdigener Anouk Dekker, middenfjilder Jackie Groenen en linkerspits Lieke Martens.

Martens waard snein ek al ta bêste spylster fan it toernoai keazen. Ald-spylster Vivianne Miedema fan Sportklup Hearrenfean heart neffens de UEFA net by de alve bêste fuotbalsters fan it toernoai, ek al skoarde se twa goals yn de finale tsjin Denemarken.

Trefwurden: 
UEFA EK Sherida Spitse fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)