Jouster skûtsje sylt eigen koers sûnder oanpassingen

07 aug 2017 - 14:52

It skûtsje fan De Jouwer is moandeitemiddei definityf sûnder oanpassingen begûn oan de twadde wedstriid fan de SKS. Dat betsjut sa goed as wis dat De Jouwer nei de wedstriid diskwalifisearre wurdt en net langer meidwaan mei. De SKS hie De Jouwer earder noch de opsje jûn om it mêstbeslach oan te passen, mar dêr is skipper Dirk Jan Reijenga net op yngien.

It Jouster skûtsje krige snein nei de wedstriid fan sneon al 21 strafpunten en wie dêrmei al sa goed as útskeakele foar de titel. De saak draait om de nije seilformule en it sylhûet. Skipper Dirk Jan Reijenga fan it Jouster skûtsje seit dat hy dêr net op in feilige wize oan foldwaan kin. De SKS hat hieltyd sein dat der genôch mooglikheden binne om te foldwaan oan de nije regels dy't earder dit jier oannaam binne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)