Foppe de Haan: "Ik bin hartstikkene grutsk op de froulju"

07 aug 2017 - 14:31

Foppe de Haan is hartstikkene grutsk op syn Oranje fuotbalfroulju, dy't sneintemiddei foar it earst yn de skiednis de Europeeske titel pakten. Foppe seach as assistint-trainer hoe't de froulju benammen yn de earste helte muoite hiene mei de Denen. Oranje liet te grutte gatten falle tusken de efterste liny en it middenfjild wêrtroch Denemarken maklik oanfalle koe. Dit waard better yn de twadde helte. "Eins wie it in hiel leuke, spannende en goeie wedstriid", konkludearre er.

Fan in saaie finale wie neffens Foppe absolút gjin sprake. "Sarina Wiegman, de bûnscoach hâldt fan oanfallend spul, dus se wol nei foaren", leit er út. "Elke bal dy't wy pakten, spilen we nei foaren."

Foppe stie fersteld fan de hype dy't de ôfrûne wiken ûntstien is rûnom it EK fuotbal. "It is enoarm hoefolle minsken der nei sjoen ha en hoe't it libbet. Dy optocht nei it stadion ek, dêr rûnen mar leafst 10.000 minsken mei. Dat is hiel bysûnder en hie ik fan myn libben nea betocht."

Neffens Foppe is it Nederlânske team yn it toernoai groeid, en wiene benammen de lêste twa wedstriden in hichtepunt. Mei de Friezinnen Sherida Spitse, Loes Geurts en Sisca Folkertsma yn it team, is it foar it earst dat Fryske spilers in grutte fuotbaltitel mei nei hûs ta nimme kinne.

Sneintejûn nei de winst, wie der noch in grut feest, sa fertelt Foppe. "It wie ien grut feest yn it stadion, geweldich. En elkenien bleau sitten oant de ein. Net ien woe fuort. De foto's, de útrikking en nei ôfrin yn de gong by it klaaikeamer gongen de dames - de froulju moat ik sizze - aardich te kear. It wie hartstikkene leuk."

Foppe sjocht no al út nei de huldiging moandeitejûn yn Utert. "Ik lit my ferrasse. Ik ha noch noait troch de grêften fan Utert fearn. Wolris der lâns kuiere, mar it wurdt fêst moai."

(advertinsje)
(advertinsje)