"Tsientallen kilo's ôffal op Skylger strannen"

It Noardseestrân fan Skylge © Tynke van der Wal
Op eltse kilometer strân fan Skylge lizze kilo's oan ôffal. Dat docht bliken út de skjinmakaksje fan Stichting Noardsee, dy't dit wykein hâlden waard. Op Skylge hawwe hast 100 frijwilligers meidien.
De Beach Cleanup Tour giet yn 30 etappes by it hiele Noardseestrân lâns, fan Cadzand oant Skiermûntseach. De stichting Noardsee wol mei de aksje ûndersykje hoefolle ôffal der leit en wêr't it weikomt.
Plestik kerrels
Op Skylge binne in opfallend soad plestik kerrels fûn. Dy kerrels binne de grûnstof foar de gemyske yndustry, mar se lykje bot op aaien fan fisken. Dêrom wurde se faak opfretten troch fûgels.
Yn de top 10 stean lykwols plestik doppen. Dy wurde apart hâlden foar it ûndersyk, om te efterheljen hoelang as dy der al lizze en fan hokker merk as se binne. De measte smoargens komt fan see en dus net fan de fakânsjegongers op it eilân.