Noarske F-16 makket foarsoarchslanning nei crash mei fûgel

07 aug 2017 - 14:05

In Noarske F-16 hat út foarsoarch in lanning meitsje moatten op de fleanbasis Ljouwert. It tastel soe yn de loft in fûgel rekke ha. Dat barde moandeitemoarn tsjin alven. 

De brânwacht fan de Ljouwerter fleanbasis is mei meardere weinen útriden. De F-16 kaam feilich oan de grûn en is kontrolearre troch de brânwacht. Der is gjin brân ûntstien. It tastel is nei in hangaar op de fleanbasis sleept om te ûndersykjen oft der skea is. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)