Atalanta meast telde flinter yn Fryslân

De Atalanta (nûmerflinter) is dit jier krekt as yn 2016 de meast telde flinter yn de Nederlânske tunen. De flinter mei de swarte wjukken mei oranje strepen en wite stippen, waard ôfrûne wykein troch tûzenen dielnimmers dy't meidiene oan de jierlikse túnflintertelling mei ôfstân it meast sjoen. Op nûmer twa stiet it foske (kleine vos), folge troch de deipau-each (dagpauwoog). Yn Fryslân is de top trije fan meast telde flinters eksakt gelyk oan dy yn Nederlân.
Siep Sinnema fan de Flinterwurkgroep Fryslân is tige te sprekken oer de telling dit wykein. "Yn Fryslân waarden mar leafst 6000 flinters teld troch 341 minsken. Opfallend is dat de it foske it ek sa goed docht yn Fryslân. Dy is meastal in pear wiken letter yn it noarden as yn it suden fan it lân, mar docht it dit jier dus geweldich goed yn Fryslân", sei Sinnema bliid.
Yn totaal waarden 53 ferskillende flintersoarten teld yn Nederlân. "Dat is ien mear as ferline jier. Ek dat is in moaie opstekker", fûn Sinnema. De Flinterwurkgroep Fryslân brûkt alle gegevens dy't dit wykein yn Fryslân sammele binne, foar in flinteratlas dy't yn 2020 ferskynt.