Bonnen foar ferskate Ljouwerter ferkearsoertreders

07 aug 2017 - 12:42
Foto: Omrop Fryslân

De plysje hat snein ferskate Ljouwerter ferkearsoertreders op 'e bon slingere. By de Stinzenflora waard in 26-jierrige man betrape op it riden sûnder rydbewiis op syn scooter. It wie al de twadde kear dat er dêrfoar pakt waard. By in tredde oertreding wurdt de scooter yn beslach naam.

Op it Saailân trof de plysje in 20-jierrige frou út Ljouwert, dy't ek sûnder rydbewiis op har scooter ried. Yn de Sleedoornstrjitte beboete de plysje in 18-jierrige Ljouwerter foar it riden sûnder rydbewiis en minne ferljochting op syn scooter. De plysje krige in melding fan lûdsoerlêst. Doe't se yn de strjitte kamen, naaide de 18-jierrige man út. Nei in koarte efterfolging koe er oanhâlden wurde.

Trefwurden: 
Ljouwert scooterriders
(Advertinsje)
(Advertinsje)