Blog: De reserve-auto fan Thea Hopma

Even fierderop yn 'e strjitte by de bakkerij fan de Wassenaars wennet de famylje Hopma. Thea sit krekt oan in bakje kofje at we oanbelje. We oerfalle har mei ús besite want we hienen yn it foar gjin kontakt mei har hân. Mar se fynt it prima en fertelt hûndert út. Se is 43 jier en komt fan Boarnburgum. Fjouwer jier lyn is se hjir kommen mei har gesin: man Sido en trije bern. Sido is túnman en wurket fan moandei oant en mei tongersdei yn Göteborg. Thea wuket yn 'e keuken fan de skoalle yn it doarp en hat in winkeltsje mei lyts guod foar yn 'e hûs. It winkeltsje hat se allinne yn it fakânsjeseizoen iepen. Fierder ha se in bêd en brochje.
"Ast hjir wennest moast net tinke datst alles dalik regelje kinst", fertelt Thea. As de auto kapot is dan bellest yn Nederlân de garaazje, bringst de auto en kinst 'm oan de ein fan de dei wer ophelje. Hjir moast bliid wêze datst nei in wike de auto ris bringe kinst. Har âlden hienen ferline simmer de auto stikken. Nei seis wike ha se 'm mar op transport setten nei Nederlân; yn in dei wie de auto makke. Derom hat Thea twa auto's op it hiem. Mei jonge bern doart se it net oan sûnder auto te sitten. Even gau nei de dokter is der ek net by. Ast hjoed bellest dan kinst nije wike ris komme. By akute saken bellest de ambulânse en dan is it sa'n 40 à 50 minuten riden nei it sikehûs yn Karlstad.