Stiifsinnigens De Jouwer splyt skûtsjefloat

07 aug 2017 - 11:47

'Feilich sile? In gotspe!' Dat seit skûtsjeskipper Douwe Visser fan Snits oer it argumint dat De Jouwer brûkt om de seilsfal ûnreglemintêr heech te hingjen. It liket der sterk op dat De Jouwer diskwalifisearre wurdt, omdat se it skûtsje net oanpasse wolle.

Skipper en bemanning ha der lang oer praat, mar se wolle net om lyk. De oanpassingen dy't de SKS wol, binne net feilich, seit skipper Dirk Jan Reijenga fan De Jouwer. Douwe Visser fan Snits, nestor fan de skûtsjefloat, tinkt dêr oars oer. "It is ûnsin. Dat sizze se om hun stânpunt krêft by te setten. Krekt as soene we al 100 jier ûnfeilich sile."

By de earste wedstryd sneon yn Grou krige it skûtsje fan De Jouwer, dat as 2e finishe, 21 strafpunten. It foldocht net oan de orizjinaliteitsregels, seit de SKS. It giet om it mêstbeslach. De SKS hat oankundige dat De Jouwer útsletten wurdt fan alle wedstriden as se moandei neat feroare ha.

"As je net oan de regels foldogge, dan sitte dêr konsekwinsjes oan," seit Douwe Visser. "Je binne lid fan in feriening, en dy hat regels. Dy ha we mei-inoar ôfpraat." De Jouwer hie de regels op in ledegearkomste oankaarte moatten, seit Visser. "It hat gjin sin om sokke dingen op dizze manier te spyljen."

Dat De Jouwer no oankoerst op in diskwalifikaasje, dat fynt Visser mar neat. "It soe foar ús it moaiste wêze as De Jouwer syn ferlies nimt en de boel oanpast." Earder sei skipper Gerhard Pietersma fan Earnewâld ek al dat er it spitich fine soe as De Jouwer diskwalifisearre wurdt. Hy sit yn it SKS-bestjoer as fertsjintwurdiger fan de skippers en bemanning.

Pietersma is it net iens mei de oanpak fan De Jouwer. Neffens him hiene der meardere oare oplossingen west. "Eltsenien moat him oan de regels hâlde. Dat is de konsekwinsje as je lid binne fan in klup."

(Advertinsje)
(Advertinsje)