SKS jout De Jouwer ekstra dei foar oanpassingen

De SKS hat it skûtsje fan De Jouwer trije opsjes jûn foar de wedstriid fan moandei op 'e Feanhoop. Op dit stuit foldocht it skûtsje net oan de orzjinaliteitsregels.
De earste opsje is dat De Jouwer it skûtsje moandei noch oanpast. De twadde is dat De Jouwer net meisylt en dan in dei de tiid nimt om te foldwaan oan de orzjinaliteitsregels. Yn dat gefal krijt De Jouwer 14 strafpunten. De tredde opsje is dat De Jouwer neat oanpast en dochs meidocht. Yn dat gefal wurdt it skûtsje definityf diskwalifisearre, seit foarsitter René Nagelhout fan de SKS.
Skipper Dirk Jan Reijenga fan it Jouster skûtsje hat fuort en daliks witte litten dat se net om lyk wolle. De Jouwer sylt op de Feanhoop dus krekt sa as se op Grou syld ha. Mei it ûnreglemintêre mêstbeslach.
It Jouster skûtsje krige nei de wedstriid fan sneon al 21 strafpunten en wie dêrmei al sa goed as útskeakele foar de titel. De saak draait om de nije seilformule en it sylhûet. Skipper Dirk Jan Reijenga fan it Jouster skûtsje seit dat hy dêr net op in feilige wize oan foldwaan kin, de SKS hat hieltyd sein dat De Jouwer genôch mooglikheden hat om der oan te foldwaan.
De Jouwer kiest yn dizze kwestje folslein ûnterjochte foar in 'underdog-posysje' seit foarsitter Nagelhout yn in parseferklearring. "De SKS spilet gjin spultsjes. Wy sile mei de skûtsjes fan ús foarfaars, en hannelje konform ús regels en de geast fan út gedachteguod."