Fytspaden en bermen tusken Hallum en Holwert oanpakt

07 aug 2017 - 11:07
Foto: Omrop Fryslân

Nije wike moandei set de provinsje útein mei wurk oan de bermen en fytspaden tusken Hallum en Holwert. Om de feilichheid foar fytsers te ferbetterjen, komt it fytspaad fierder fan de N357 te lizzen. Ek wurde de bermen en sleatten flink ûnder hannen naam.

De bermen binne no hiel heech en steil, wêrtroch't der gefaarlike sitewaasjes ûntsteane as auto's en fytsers fan de dyk reitsje. Om de bermen minder steil te meitsjen, moat de sleat wat opskowe. Ek moat de oannimmer rekken hâlde mei alle kabels en liedings dy't ûnder it fytspaad lizze. Al mei al sil it wurk oardel jier duorje. Oan de ein fan 2018 moat it klear wêze.

Trefwurden: 
fytspaden bermen Holwert Hallum
(Advertinsje)
(Advertinsje)