Ynbrekkers by It Lichtpunt oppakt

07 aug 2017 - 10:38
Foto: Omrop Fryslân, Geertrui Visser

De plysje hat fannacht twa mannen fan 31 en 39 jier út Woerden oanhâlden foar in ynbraak yn kringloopwinkel It Lichtpunt yn Kollumersweach. In omwenner waard om twa oere yn de nacht wekker fan lûden. Doe't er op ynspeksje útgong, seach er twa manlju by de kringloopwinkel nei binnen slûpen. Hy warskôge de plysje.

Doe't de plysje oankaam, wiene de ynbrekkers lykwols al wer útnaaid. Mei help fan in plysjehûn en in helikopter koe ien fan de manlju efkes letter oanhâlden wurde. De oare fertochte koe de plysje letter pakke by de auto dêr't se mei flechtsje soene. Dizze auto is yn beslach naam foar fierder ûndersyk. De manlju sitte noch fêst.

(Advertinsje)
(Advertinsje)