Ineke Spitse: "Ik bin noch altyd ûnder de yndruk"

Heit en mem Spitse thús yn Snits © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Ineke Spitse, de mem fan Oranje-oanfierdster Sherida Spitse, is djip ûnder de yndruk fan alle positive reaksjes dy't it EK fuotbal de ôfrûne wiken yn Nederlân en Fryslân los makke hat. Sels siet se sneintemiddei yn it stadion doe't de Oranje Liuwinnen histoarje skreaunen troch de Europeeske titel te pakken. Dat slagge mei troch in treffer fan dochter Sherida, dy't mei in frije traap de tredde goal makke.
Oant dy tiid wie it billeknipe, jout Ineke ta. "It wie hartstikke spannend natuerlik", fertelt se yn it radioprogramma Fryslân fan 'e moarn. "Se kamen mei 1-0 achter, dus wy hopen mar dat it goed komme soe. Om dan mei 4-2 te winnen is fansels geweldich. En dan skoart Sherida ek noch út in frije traap, super. De sfear yn it stadion wie net te beskriuwen."
Nei it lêste fluitsinjaal koene heit en mem Spitse mar dreech by harren dochter komme om har te lokwinskjen. Dat slagge letter wol by in afterparty yn in kafee yn Enschede. Ek op in hiel soad oare plakken waard feest fierd. "Mar leafst 4 miljoen minsken hawwe thús de finale sjoen", fertelt Ineke grutsk. "Ungelooflik. Ik fyn it prachtich foar dy froulju en foar it frouljusfuotbal yn it algemien."
Ineke is in dei nei de finale noch altyd djip ûnder de yndruk fan de prestaasje fan it team fan har dochter. "Se steane der gewoan en se fjochtsje foar elkoar. Se ha net ien wedstriid ferlern. Dat is echt fantastysk."