Kollum: "Hypokryt"

"Ofrûne freed siet ik op de redaksje by Omrop Fryslân, doe’t ik yn de Ljouwerter Krante in stikje lêsde oer it aaieskandaal. It gong oer it pikebedriuw fan Jan Willem en Anna yn Drachtsterkompenije. Ik ken Anna al sûnt de middelbere skoalle. Dus moarnsbetiid stjoerde ik har in appke. ‘Hé, hoe giet it eins by jim?’ Se stjoerde werom dat it net bêst wie en dat ik mar efkes op har Facebook-pagina sjen moast.
Dêr lêsde ik har ferhaal. Jan Willem en Anna binne ien fan de acht bedriuwen dy’t it lûzebestridingsmiddel Fipronil brûkt hawwe, néidat de NVWA al wist dat it skealike gefolgen hie. Al yn juny krige de Voedsel- en Warenautoriteit in warskôging fan kollega’s út België, mar se diene der neat mei. En dus brûkten Anna en Jan Willem it middel Dega 16 om harren piken te ûntlúzjen.
In middel wêrfan’t se tochten dat it in sûn en natoerlik produkt wie. In produkt dat al jierren brûkt wurdt, sels troch biologyske boeren. Mar dêr’t stikem de stof Fipronil yn siet, sûnder dat ien dat wist. No ja, útsein de NVWA dus. De gefolgen binne rampsalich: Anna en Jan Willem sitte yn in regelrjochte nachtmerje no’t harren aaien besmet binne.
Ferslachjouwer Gerrit de Boer gong freedtemoarn op paad nei Drachtsterkompenije. Tusken de middei hearde ik it ynterview mei Anna op de radio en jûns seach ik it op telefyzje. Ik bruts. En krekt as Anna waard ik tagelyk sa alderferskuorrendste lilk. Nei de fûgelgryp like it harren einliks wer wat foar de wyn te gean. Anna en Jan Willem ha in jonge keppel fan 32.000 prachtige frije uitloop-pykjes, dy’t alle dagen tûzenen aaien lizze. Aaien dy’t se no dus twongen opstapelje moatte om aanst by de Rendac ferneatige te litten.
Yn dizze aaien sit nammentlik mear as de tastiene 0,005 milligram per kilo oan Fipronil. Nul komma nul nul fiif milligram; sa’n skyt lyts bytsje, dêr kinst toch net siik fan wurde, soest tinke. Klopt, sizze deskundige gifkenners. Neffens toksikologen moast alle dagen op syn minst 15 besmette aaien ite en dat wiken lang folhâlde, wolst der wat fan merke.
Boppedat stelle de gifkenners dat Fipronil op himsels as gif net sa folle foarstelt. Yn Sri Lanka soene minsken it spul brûkt hawwe om harsels fan kant te meitsjen. Se dronken in hiel fleske leech en krigen dus miljoenen kear sa folle binne as yn sa'n aai. Se waarden opnaam yn it sikehûs om't se beroerd wiene, mar mochten in pear dagen letter al wer nei hûs.
En toch doarre wy yn de supermerk mar kwalik mear lâns it skap mei aaien te rinnen, deabenaud dat wy al siik wurde soene troch allinnich mar de lucht yn te ademjen. Sterker noch: der binne minsken dy’t mei in beskuldigjend fingerke nei de pikeboeren wize en roppe dat se dan ek mar net sa stom wêze moasten om so’k giftich guod te brûken. Mar sels brûke dizze minsken it gif Fipronil al jierren foar harren húsbisten, sûnder dat se it yn de gaten ha.
Dat antilûzespul mei de namme Frontline dat wy yn de nekke fan ús kat of hûn druppelje; dat is nammentlik presys itselde guod. Mei as grutte ferskil dat dat iene pipetsje yn de nekke fan poeke like folle is as dêr't by pikeboeren 10.000 piken mei behannele binne. En dat pipetsje yn de nekke fan Bijke; dêr kinne mar leafst 50.000 hinnen mei behannele wurde. Dus doch net sa hypokryt.
Mar it meast hypokryt is fansels de NVWA. Troch net yn te gripen wylst se al wol wisten dat it mis wie, falle der noch mear slachtoffers. 138 plomfeebedriuwen sitte no mei in finansjele strop fan hjir oant Tokyo. Tûzenen sûne piken wurde romme. En net allinnich hinnen draaie wy de nekke om; ek gesinnen wurde om sjippe holpen út beskerming tsjin iets dat eins net iens echt gefaarlik is. Hypokriter kin hast net. Of sa’t Anna seit: wy fiele ús der sá ferskriklik ynlûze."