Earste auto's kinne om 09.30 oere troch nije akwadukt

07 aug 2017 - 07:17

De earste auto's kinne moandeitemoarn fan healwei tsienen ôf troch it nije M.C. Escher Akwadukt yn Ljouwert by it Drachtsterplein ride. Ferkear kin fan moandei ôf de stêd yn fia it akwadukt. Nije wike wurdt de dyk de stêd út oanpakt. Fytsers en kuierders moatte wachtsje oant ein augustus foar't sy it akwadukt brûke kinne. Foar de omwenners is de oerlêst dêrnei noch net hielendal foarby, want de oannimmer hat dan noch sa'n acht wiken wurk om de âlde Drachtsterbrêge te slopen. En ek hjir moatte nije daamwanden komme.

De wurksumheden dy't nedich wiene foar de oanlis fan it akwadukt ûnder it Van Harinxmakanaal troch rûnen hast twa jier út fanwege allerhane tsjinslaggen by it wurk. Sa kaam de oannimmer by it ynskowen fan de daamwanden dikke balstiennen tsjin en wie de ûndergrûn folle hurder as earder fan út gien wie.

(Advertinsje)
(Advertinsje)