Ljouwerter oanhâlden nei auto-ûngelok yn Ljouwert

07 aug 2017 - 06:19
Foto: Kappers Media

De plysje hat yn de nacht fan snein op moandei in 37-jierrige man út Ljouwert oanhâlden nei't er mei syn auto oer de kop flein wie op de Harnzerstrjitwei yn Ljouwert. Syn auto waard fannacht om ien oere hinne oantroffen op de Harnzerstrjitwei. De wein lei op 'e kop tusken twa sânbulten oan de ein fan de dyk, dy't net mear brûkt wurdt. Yn en by de auto waard net ien fûn.

Meardere helptsjinsten waarden oproppen om de bestjoerder en mooglik oare ynsittenden te finen. Dat slagge lykwols net, mar om healwei twaën koe de plysje de Ljouwerter bestjoerder oanhâlde. Ut in blaastest die bliken dat de man tefolle dronken hie.

(Advertinsje)
(Advertinsje)