Gjin ekstra parkearromte Psy-Fi, omjouwingsfergunning ôfkard

06 aug 2017 - 21:42

Besikers fan it Psy-Fi festival yn it Griene Stjergebiet by Ljouwert kinne oer oardel wike net parkearje yn de greiden yn de omjouwing fan it festivalterrein. De gemeente Tytsjerksteradiel hat nammentlik de omjouwingsfergunning foar ekstra parkeargelegenheid, dy't de organisaasje fan Psy-Fi hjirfoar oanfrege hie, ôfkard. Festivalgongers moatte no yn Ljouwert of oan de râne fan de stêd parkearje, as se nei it festival Psy-Fi wolle.

De gemeente hat de fergunning ôfkard om't neffens har de romtlike effekten fan it festival op de omjouwing al grut binne. Ek binne de greiden oanwiisd as gebiet foar greidefûgels, en soene omwenners tefolle lêst hawwe fan de parkearjende festivalbesikers.

(advertinsje)