Sherida Spitse: ''Ik bin super en super grutsk''

© ANP
''Dit wie in fantastysk toernoai'', sa sei in emosjonele Sherida Spitse fan Snits nei ôfrin fan de finale fan it EK fuotbal. De Oranjefroulju wûnen sneintejûn yn Enschede mei 4-2 fan Denemarken en pakten de Europeeske titel. Spitse hie hjiryn in wichtige bydrage, se makke it tredde doelpunt fan de wedstriid. ''Wy hienen sa'n drege pûl en wûnen alle trije wedstriden. Dêrnei pakten we in toplân as Sweden, folge troch in geweldige heale finale tsjin Ingelân. Ik bin super en super grutsk op ús ploech!''
Bûnscoach Sarina Wiegman spruts snein nei ôfrin fan de wedstriid oer in sukses foar elkenien. ''Dit gaat om wij. Wij zijn kampioen'', sei Wiegman, dy't pas sûnt begjin dit jier begûn as bûnscoach. ''De staf, het team, er was vanaf het begin zo'n klik. We hebben steeds gezegd dat het zo goed voelt, maar dat moet je die wedstrijden wel nog winnen!''