Spitse skoart yn finale, Oranjefroulju Europeesk kampioen

06 aug 2017 - 18:54

De Oranjefroulju binne snein yn Enschede Europeesk kampioen fuotbal wurden. Yn de Grolsch Veste wûn it Nederlânsk frouljusteam mei 4-2 fan Denemarken. Sherida Spitse fan Snits hie ek in moai oandiel yn de winst, sy makke yn de 51e minút it tredde doelpunt foar Oranje, út in frije traap. Ek waard Spitse nei ôfrin útroppen ta frou fan de wedstriid. Doelpunten wienen der ek foar Vivianne Miedema (10e minút), Lieke Martens (28e minút) en wer Miedema (88e minút).

It stadion yn Enschede siet hielendal fol: goed 28.000 taskôgers seagen dat Oranje Europeesk kampioen waard. Ek yn Fryslân wie der in soad omtinken foar de finale. Sa wie it yn it sintrum fan Snits fol mei minsken, dêr stie in grut skerm dêr't de wedstriid útstjoerd waard.

(Advertinsje)
(Advertinsje)