Oerwinning foar Tuinenga-en-dy yn Harns

06 aug 2017 - 17:36
Ek yn Akkrum wiene de krânsen foar Ilse Tuinenga, Wiljo Sijbrandij en Manon Scheepstra - Foto: Henk Bootsma

Ilse Tuinenga, Wiljo Sijbrandij en Manon Scheepstra hawwe sneintemiddei yn Harns de frije formaasjepartij foar de froulju wûn. Yn de finale wienen Tuinenga-en-dy mei 5-3 en 6-6 te sterk foar Anne Monfils, Nynke Sijbrandij en Marrit Zeinstra. De lytse preemje gie nei Louise Krol, Imke van der Leest en Sjanet Wijnia.

(Advertinsje)
(Advertinsje)