Partoer Van der Bos wint keatserij yn Wytmarsum

06 aug 2017 - 17:29

De haadklassepartij frije formaasje foar de manlju yn Wytmarsum is sneintemiddei wûn troch it partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra. De finale wie spannend. Van der Bos-en-dy wûnen úteinlik mei 5-5 en 6-0 fan Peter van Zuiden, Kees van der Schoot en Sjoerd de Jong.

De lytse preemje wie foar it partoer fan Arnold Zijlstra, Erik Haitsma en Haye Jan Nicolay.

(Advertinsje)
(Advertinsje)