Drokte by Veenhoopfestival, folslein útferkocht

It Veenhoopfestival by De Feanhoop is snein folslein útferkocht. Tsientallen minsken stean foar de doarren om te wachtsjen oant oare festivalbesikers der wer útgean. Fanwegen de feilichheidseasken sit it festival snein oan har maksimale tal besikers. De kassaferkeap is sadwaande al ticht. Minsken dy't yn it foar al in ticket besteld hienen, meie noch wol nei binnen ta.
Flierbedekking op poadium
Neffens de organisaasje ferrint it festival oant no ta goed. Der wie sneon wol in soad drokte mei de band Megadeath, dy't spesjaal út Amearika helle is. ''Dat is dêr yn Amearika in enoarm grutte band'', fertelt de organisaasje. ''Sy hienen spesifike winsken, woenen bygelyks flierbedekking op it poadium hawwe. Trije of fjouwer reade apels foar it optreden, en trije bananen. Je kinne it sa gek net betinke. Mar wy hawwe ús dêrmei rêden.''