Jonge Dryltser fierljeppers suksesfol op Jeugd FK

Op de Fryske kampioenskippen fierljeppen foar de jeugd yn Drylts wienen de thússpringers bysûnder suksesfol. Yn alle fjouwer kategoryen gienen de Fryske titels nei Drylts. By de jonges oant en mei 10 jier wie it goud foar Timo van der Knaap mei 9.90 meter (pr), foar Riemer Zijlstra (8.81) en Mads Tolsma (8.67).
By de famkes oant en mei 10 jier wûn Hylkje Hoekstra mei 8.17 meter (pr). Twadde waard dêr Yenthe van Kammen (7.90) en tredde Mila Dijkstra (7.68, pr).
By de jonges fan 11 en 12 jier waard Michiel Zijlstra Frysk kampioen mei 10.75 meter (pr). Germ Terpstra pakte it sulver (10.39) en tredde waard Douwe Abma (10.35, pr).
Kampioen by de famkes fan 11 en 12 jier waard Lisse van der Knaap mei 10.44 meter. Dat wie rom fierder as Maureen Westerhof (8.93) en Manon Koehoorn (8.54).
Yn totaal gienen acht fan de tolve FK-medaljes nei Drylts.