Lot bringt favoriten tsjinoer mekoar op 115de Freulepartij

06 aug 2017 - 13:34
De Freule yn Wommels - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De lotting foar de 115de Freulepartij yn Wommels hat op de earste list fuortendaliks twa favorite partoeren tsjin mekoar oer brocht. As nûmers trije en fjouwer moatte de partoeren fan Eksmoarre en Berltsum tsjin mekoar keatse op it haadfjild.

Berltsum is de winner fan it Nederlânsk kampioenskip. De ôfdieling fan Eksmoarre is dit jier op de jongensôfdielingswedstriden fierwei it meast suksesfol. Se wûnen der fjouwer. Oare oerwinningen wiene der foar Dronryp, Boalsert, Winsum en Berltsum. Makkum en Eanjum binne ek kânshawwers foar de Freulewinst.

Der steane dit jier 53 partoeren op de list. Dat binne der fjouwer mear as foarich jier. Doe wûn de ôfdieling Menaam. Kommende woansdei stride de keatsers om de 115de Freulewinst.

Trefwurden: 
Freule keatsen Wommels
(Advertinsje)
(Advertinsje)