Plysje ûndersiket oerfal op 80-jierrige wenboatbewenner

06 aug 2017 - 11:56

De plysje is op syk nei minsken dy't mear witte fan de oerfal op in wenboat yn Snakkerbuorren. Om healwei twaen, yn de nacht fan sneon op snein, is in 80-jierrige bewenner fan in wenboat oan It Anker oerfallen troch meardere minsken.

By de strideraasje dy''t ûntstie is er oan it antlit ferwûne rekke. Resjersjeurs moatte noch mei de man prate om helder te krijen wat der krekt bard is, en wat de oerfallers meinaam ha.

(Advertinsje)
(Advertinsje)