"De Jouwer bûcht net foar orzjinaliteitsregels SKS"

06 aug 2017 - 11:06

It skûtsje fan De Jouwer sil it grutseil foar de wedstriid fan moandei net oanpasse, ek net nei de straf fan de SKS fan sneon. Dat seit vice-foarsitter Siep van der Valk. Sneon krige De Jouwer 21 strafpunten. Dy binne net ôflûkber. Dêrtroch kin titelkandidaat De Jouwer in kampioenskip wol ferjitte.

Diskwalifikaasje

Sneintemiddei is der noch wol in gearkomste mei de bemanning fan it skûtsje, mar Van der Valk ferwachtet gjin feroaring fan stânpunt. De konsekwinsje is dan dat De Jouwer moandei diskwalifisearre wurdt. De skûtsjefloat moat dan út need troch mei 13 skûtsjes yn stee fan 14.

"Gjin dwersens"

Van der Valk is bot teloarsteld oer de opstelling fan de SKS. "It is gjin dwersens, wy kinne net oars". Hy seit dat it probleem fan De Jouwer mei de nije seilformule en it nije sylhûet al fiif jier spilet. De Jouwer hat hjir hieltyd omtinken foar frege, mar it SKS bestjoer soe nea mei in oplossing kaam wêze. 

"Wy rinne hjir op fêst", sa seit Van der Valk. Hy beklammet dat De Jouwer dit jier 65.000 euro útjûn hat om it skûtsje te ferbetterjen. "Wy wolle meidwaan foar de punten". 

"Oan de regels hâlde"

Skipper Gerhard Pietersma fan Earnewâld soe it spitich fine as De Jouwer diskwalifisearre wurdt. Hy sit yn it SKS-bestjoer as fertsjinwurdiger fan de skippers en bemanning. 

Pietersma is it net iens mei de oanpak fan De Jouwer. Neffens him hiene der meardere oare oplossingen west. "Eltsenien moat him oan de regels hâlde. Dat is de konsekwinsje as je lid binne fan in klup."

Trefwurden: 
SKS skûtsjesilen De Jouwer
(advertinsje)
(advertinsje)