"Slachtoffer Berltsum (43) deastutsen mei mes"

06 aug 2017 - 10:43

Yn Berltsum is de plysje úteinset mei spoare-ûndersyk neidat dêr in man om it libben kaam by in stekpartij yn in pensjon. In oar rekke ferwûne. Resjersjeurs prate mei mooglike tsjûgen. Ien fertochte is oanholden. Dat is in 56-jierrige ynwenner fan Berltsum. 

Reanimaasje

It deadlike slachtoffer is in 43-jierrige man. Doe't de plysje yn it pensjon oankaam, waard er noch reanimearre. Dat mocht net mear helpe.

In 59-jierrige man rekke ferwûne by it ynsidint. Hy wie oansprekber doe't de plysje yn Berltsum kaam. Dizze man is oerbrocht nei it sikehûs. Hy liket bûten libbensgefaar, meldt de plysje.

Rúzje

Om healwei tsienen sneontejûn waarden de plysjes nei Berltsum roppen. De melder sei dat der in rûzje wie, en dat der twa minsken stutsen wienen mei in mes. Meardere plysjes en helpferlieners binne dy kant op gien. De traumahelikopter waard der ek hinne stjoerd.

De fertochte wie noch yn it pensjon doe't de plysje oankaam. Hy is fuort en daliks oanholden, en oerbrocht nei it sellekompleks. Plysjes ha him noch net heard. Dat sil de resjerzje yn de rin fan de dei dwaan. 

Dakleazen

It gebou dêr't it ynsidint plak fûn is in pensjon dêr't allinnesteande dak- en thúsleazen selsstannige wenromte bean wurdt. 

(advertinsje)
(advertinsje)