Plysje grypt yn by driigjende eskalaasje skûtsjefeest Grou

© ANP
It feest dat yn Grou ûntstie neidat it Grouster skûtsje de earste wedstryd fan de SKS wûn hat, is net hielendal sûnder ynsidinten ferrûn. De plysje moast sneontejûn in pear kear yngripe doe't de sitewaasje drige te eskalearjen. Dat meldt de plysje sels.
Op de Hellinghaven ha plysjes 'mei wat geweld' in man oanholden. Hy stie te pisjen, en woe him net legitimearje. De man hat in boete krigen fan 350 euro.
En in eintsje fierderop wie in man (45) op de grûn fallen. Neffens syn freonen hie er in mingel sterke drank hân. Plysjes ha de ambulânse warskôge. De man is nei it sikehûs brocht.
Der wiene ek meldingen fan jongerein dy't in protte leven makke. Oer it generaal wie de sfear goed, meldt de plysje. "It wie grut feest yn Grou."