"Skylge leit besiedde mei plestik kerrels"

06 aug 2017 - 09:10
In jonge miuw yt fan de giele plestik kerrels - Foto: Nienke Dijkstra

By it opromjen fan it strân fan Skylge ha frijwilligers in flinke partij plestik kerrels oantroffen. Dat seit Nienke Dijkstra. Se is ien fan de frijwilligers. De Boschplaat oan de eastkant fan it eilân leit besiedde mei de kerrels, seit se.

De kerrels binne gefaarlik foar seefûgels. Dijkstra hat sjoen hoe't miuwen besykje om de kerrels op te iten. Wêr't it plestik weikomt, dêr hat se gjin idee fan. Miskien hat in kontenerskip it ferlern, seit se, mar it kin ek wêze dat it plestik op in oare manier yn see telâne kaam is.

Frijwilligers meitsje de kommende tiid alle Noardseestrannen skjin. Ofrûne tiisdei is de himmelaksje úteinset. Dat wie op Skiermûntseach. Yn totaal dogge der mear as 100 frijwilligers oan mei.

(Advertinsje)
(Advertinsje)