Meardere persoanen oerfalle wenboat Snakkerbuorren

06 aug 2017 - 07:35

By in oerfal yn Snakkerbuorren is de bewenner fan in wenboat ferwûne rekke. Hy waard thús yn Snakkerbuorren troch meardere minsken oerfallen. Dat barde om healwei twaen hinne, yn de nacht fan sneon op snein. Nei de oerfal binne de fertochten útnaaid. Wat se krekt bút makke ha, dat is net dúdlik.

De plysje hat fuortendaliks in ûndersyk ynsteld. Dêrby binne ferskate spoaren feilich steld, wêrûnder klean. Dy ha plysjes yn brûne pûden dien.

Trefwurden: 
oerfal plysje Snakkerbuorren
(advertinsje)
(advertinsje)