Strafpunten foar Jouster skûtsje, útsluting SKS driget

De SKS leit it Jouster skûtsje fan skipper Dirk Jan Reijenga 21 strafpunten op foar it net neilibjen fan it reglemint fan de feriening. It mêstbeslach fan it skûtsje foldocht neffens de SKS net oan it orizjinaliteitsreglemint. Nettsjinsteande ferskate fersiken fan de kommisje, hat it Jouster skûtsje gjin oanpassingen oan it skip dien.
De strafpunten binne net ôflûkber. Per saldo kin De Jouwer it kampioenskip dêrtroch wol ferjitte. De Jouwer wie ien fan de titelkandidaten. As it skûtsje by de wedstriid fan moandei net oan de easken foldocht, wurdt it fan fierdere dielname oan de skûtsjewedstriden útsletten.
Reijenga: ''Feilichheid yn gefaar''
It Jouster skûtsje hat de saneamde seilsfal, it tou dêr't it grutseil mei oplutsen of strutsen wurdt , heger yn de top fan de mêst befêstige, om foar te kommen dat it grutseil ûnder it silen loskomme kin. Skipper Dirk Jan Reijenga fan it Jouster skûtsje sei dat hy wol moatst, om't oars de feilichheid fan syn bemanning yn gefaar komt.
It Jouster skûtsje einige sneon yn de earste wedstriid op it twadde plak. It skip lei in skoft op kop, mar moast úteinlik it skûtsje fan Grou, fan skipper Douwe Visser, dochs foargean litte.