Easterein wint spannende finale fan de Ald Meierspartij

05 aug 2017 - 18:09

Wat de freule is foar de jonges, is de Ald Meierspartij yn Hitsum foar de fammen. Dit jier gie de winst nei Easterein, nei it partoer Roelie Kroondisk, Selam de Boer en Jeska Terpstra. Se wûnen de spannende finale mei 5-4 en 6-6 fan Seisbierrum/Pitersbierrum mei Ilse Marije Hartman, Anna Ennema en Fiera de Vries.

De lytse preemje wie foar Makkum mei Larissa Smink, Yndy Tuinier en Anouk Smink.

(Advertinsje)
(Advertinsje)