Skûtsje fan Grou wint earste SKS-wedstriid fan dit jier

05 aug 2017 - 16:15

It skûtsje fan Grou hat sneontemiddei de earste wedstriid wûn fan de 72ste edysje fan it SKS-kampioenskip. Op it wetter by Grou wie it skûtsje Doarp Grou fan skipper Douwe Azn. Visser de bêste. Foar Grou waard it noch wol efkes spannend. It skûtsje hie op in gegeven stuit in reade protestflagge yn it want, om't it skûtsje fan De Jouwer se net genôch romte joech by de tonne. Foar de finish hawwe se it protest wer ynlutsen.

Op it twadde plak einige it skûtsje fan De Jouwer, mei skipper Dirk Jan Reijenga. Foar it Jouster skûtsje driget diskwalifikaasje troch de SKS. It skûtsje foldocht net oan de nije orizjinaliteitsregels fan de SKS. Oerlis tusken beide partijen hat oant no ta neat opsmiten. It skûtsje fan De Lemmer einige op it tredde plak.

Fantastysk syld

''It gie fantastysk'', fertelle in entûsjaste winner, Douwe Visser fan Grou. ''Yn it begjin gie it noch wol wat dreech by de start, mar dêrnei hawwe wy fantastysk syld. Wy komme hjir ek wei en hawwe hjir in soad fearn. Dit is in goed begjin, hearlik, it wie ek in hiel moaie wedstriid.''

Ynterpretaasjeferskil

''Wy hawwe in ynterpretaasjeferskil mei de SKS'', fertelt skipper Reijenga fan it Jouster skûtsje. ''Neffens har is de oplossing dy't wy betocht hawwe te heech, neffens ús mei dit op dizze wize fan it hânboek. Wy fine it allinne op dizze wize feilich om te farren.''

De folsleine útslach:

1. Doarp Grou - Grou
2. Oeral Thús - De Jouwer
3. Lemster Skûtsje - De Lemmer
4. d'Halve Maen -Drachten
5. Súdwesthoek - Starum
6. Gerben van Manen - It Hearrenfean
7. Twee Gebroeders - Drachten
8. De Sneker Pan - Snits
9. It Doarp Huzum - Huzum
10. Twee Gebroeders - Earnewâld
11. Eidert Sietez - Akkrum
12. Klaas van der Meulen - Wâldsein
13. Twee Gebroeders - Langwar
14. Rienk Ulbesz - Ljouwert

Moandei giet it SKS-kampioenskip wer fierder. Dan wurdt der syld by De Feanhoop. Alles oer it skûtsjesilen is te finen op: omropfryslan.nl/skutsjesilen.

De útstjoering

De útstjoering

(Advertinsje)
(Advertinsje)