NK twaspannen yn Riis wûn troch Feike en Ypie Holtrop

05 aug 2017 - 16:02

Feike en Ypie Holtrop fan Baaium hawwe sneontemiddei yn Riis it Nederlânsk kampioenskip twaspannen Frysk ras wûn. Der kamen njoggen twaspannen yn de baan, fjouwer dêrfan mochten yn de finale opnij ride. Ek doe bleau Feike Holtrop, hy wûn earder dit jier de konkoersen fan Garyp, Norg en Bûtenpost, de bêste.

Holtrop hie Hessel en Jasper fan 'e Stjelpdyk foar de sjeas. Jan Bouwman fan Nijeveen waard mei Claes en Egberdina's Arwyn twadde. Udo de Haan pakte mei Christiaan P.J. en Het Swarte Paert Sierd P.J. it brûns.

(Advertinsje)
(Advertinsje)