Kampioenskip slykslydzjen op it waad by Skiermûntseach

05 aug 2017 - 16:35

By de Jachthaven fan Skiermûntseach is sneontemiddei foar de achtste kear it kampioenskip slykslydzjen hâlden. Dit jier wienen der santjin dielnimmers. Sy besochten yn in sa koart mooglike tiid in trajekt oer it waad ôf te lizzen yn in spesjaal dêrfoar makke slide. Der is in apart kampioenskip foar manlju en foar froulju. De winner krige de Gouden Hjerring.

Fierder wie der ek in priis foar de dielnimmer dy't it meast ûnder de drek komt te sitten. By it evenemint kamen sa'n 150 minsken te sjen. De prizen waarden útrikt troch waarnimmend boargemaster Stellingwerf. Hy naam ek in ûnderskieding mei foar Boukelien Bos. Sy is al 25 jier aktyf by it frijwilligerskollektyf fan Skiermûntseach.

Slyksliden waarden yn it ferline brûkt troch fiskers, om har te ferpleatsen oer it waad.

(Advertinsje)
(Advertinsje)