LIVE: SKS-skûtsjes stride om earste oerwinning by Grou

05 aug 2017 - 13:55

Om 14.00 oere is yn Grou it 10-minuteskot jûn fan de earste SKS-wedstriid fan dit jier. Grou hat dit jier in nije wedstriidlieder, en dy hat besletten om ek in lyts krúsrakje op de Pikmar del te lizzen. Earder waard dat net dien. De Pikmar is net al te grut. 

Foarich jier gong de striid om it kampioenskip tusken de tradisjonele boereferstânskipper Douwe Visser fan Snits, en syn learling Gerhard Pietersma fan Earnewâld, dy't net in dei traint sûnder kompjûter of eko-coach. Douwe Visser wûn. Docht er dat dit jier wer, dan wurdt it syn tsiende titel. Mar nije regels oer hoefolle túch oft de skippers sette meie, soene de boel ek samar op de kop sette kinne. 

Alle wedstriden binne by Omrop Fryslân streekrjocht te folgjen. Bylden mei rjochtstreeks kommentaar fan ferslachjouwer Freark Wijma en âld-skipper Eelke Dijkstra binne online te sjen. En op radio en telefyzje dogge Gjalt de Jong en Geartsje de Vries streekrjocht ferslach yn it programma Sneon yn Fryslân. 

Yn Fryslân Hjoed is der alle dagen in wedstriidferslach te sjen en wurdt neipraat oer de silerij. In lange kompilaasje fan de wedstriid wurdt om 21.00 oere útstjoerd op telefyzje. 

Alles oer it skûtsjesilen, lykas de livestream, útslaggen en de skûtsjepool is te finen op ús spesjale webside: Omropfryslan.nl/skutsjesilen. Dit alles is ek op de omropapp te finen. Update dan wol earst de app fia playstore of appstore.

(advertinsje)
(advertinsje)