Spilers kieze net foar Cambuur

31 maaie 2012 - 11:05
SC Cambuur - Foto: Omrop Fryslân

Sportklup Cambuur hat it dreech mei it oanlûken fan nije spilers. De klup hat petearen hân mei ferskate fuotballers, mar dy kieze oant no ta allegear foar in oare klup. 'We raken zeker niet in paniek, maar het valt tot nu toe wel tegen', sa lit direkteur Gerald van den Belt witte.

Cambuur hie ynteresse yn bygelyks Danny Hoesen (Fortuna Sittard), Phillip Haastrup (Helmond Sport), Jordens Peters (Den Bosch) en Roald van Hout (RKC). Van den Belt: 'Zij kiezen voor clubs als Willem II, Zwolle en Sparta. Die staan momenteel hoger in de pikorde.'

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
(Advertinsje)
(Advertinsje)