"Trije wiken boufak is net mear fan dizze tiid"

In boufakperioade fan trije wike is net mear fan dizze tiid. Dat fynt Biense Dijkstra, direkteur fan boubedriuw Dijkstra Draisma út Dokkum. Planningstechnysk is in boufak fan trije wiken noch altyd it noflikst foar in boubedriuw.
In boufak fan trije wiken slút net mear oan by de winsken fan de wurknimmers dy't graach wat mear romte hawwe wolle. Om oan dy winsken temjitte te kommen hat Dijkstra besletten om de fakânsjeperioade út te smoarren oer sân wike.
De boufak hielendal loslitte is neffens Dijkstra gjin opsje. Dan wurdt it te moeilijk om projekten goed te plannen. Sneon is de earste dei fan de boufak. Dy duorret oant en mei 25 augustus.