Joop Mulder: "Sense of Place is myn smoesje"

05 aug 2017 - 11:37

Joop Mulder is drok dwaande mei it grutte keunstprojekt Sense of Place dat yn 2018 úteinset. Sense of Place bestiet út in tal keunst- en kultuerprojekten by de Waadkust del. Der binne al mear as 20 projekten yn de planning. Sa wurdt der by Wierum tocht oan in seeswimbad, der komme by Holwert twa grutte bylden fan keunstner Jan Ketelaar fan Drachten en Mulder wol by Blije in bûtendykse terp oanlizze.

'In geskink út de himel'

As grûnlizzer en artistyk lieder fan it Oerol-festival op Skylge hat Mulder in grutte skat oan ûnderfining mei lokaasjekeunst opdien. Dy kennis wol hy no op it fêste lân brûke om de Waadkust better op 'e kaart te krijen. Kulturele Haadstêd wie foar him in "geskink út de himel". Doe't de plannen foar KH2018 bekend makke waarden troch foarmalich deputearre Jannewietske de Vries wie Mulder fuort entousiast.

'Sense of Place is myn smoesje'

Neffens Mulder is it realisearjen fan keunst- en kultuerprojekten gjin maklike opjefte, mar hy fynt it ek in moaie útdaging om alle partijen dy't oer it Waad en it lânskip gean by mekoar te krijen, en syn projekten te realisearjen. De striid om fergunnings, om wat wol en net kin op en by it wrâlderfguod, dy hâldt him drok dwaande. Hy neamt de prosesgong om ûntwikkeling fan projekten op it Waad in proses fan smoesjes. "Alle organisaties en ook de overheid gebruiken smoesjes om voor elkaar te krijgen of tegen te houden. Sense of Place is mijn smoesje".

Draachflak

Hiel wichtich foar Mulder is dat syn Sense of Place droegen wurdt troch de lokale befolking. Yn gearkomsten mei doarpsbewenners besiket hy it fan ûnderop foar mekoar te krijen en draachflak te kreëarjen. Dat giet poerbêst seit er. Dochs is net elkenien posityf. Ien fan de bewenners dy't it ferhaal fan Mulder oanheart, seit: "Wêrom moat Wierum feroarje? It is goed sa't it is!" En: "Aanst binne it allegearre Japanners en Dútsers dy't hjir komme!" Mulder fynt sokke reaksjes net ferfelend. It heart derby, seit er, en hy hopet dat minsken mear oertsjûge reitsje as it projekt konkreter wurdt.

Oerol wie in teloarstelling foar Heit

Doe't Joop Mulder as 27 jierrige man rjochting Skylge gie, en in bestean as kroechbaas opboude, wie heit Mulder, boargemaster fan Boalsert, net bliid. Dy hie in oare takomst fan syn soan foar eagen. Neffens Mulder krige syn heit wol fertrouwen doe't hy der goed mei begûn te fertsjinjen. Doe't Mulder it festival Oerol opsette yn de jierren 80 wie heit wer teloarsteld. Dat fertsjinne jild waard neffens him wer oer de balke smiten. De heit fan joop Mulder ferstoar yn 1990. Twa jier letter krige hy de Fryske Anjer út hannen fan kommissaris fan de keninginne Hans Wiegel. Joop Mulder fynt it noch altiten spitich dat syn heit dat net meimakke hat.

Passy foar keunst en kultuer

En no dus wer in nije aventoer mei Sense of Place. Joop Mulder bliuwt pionier. Hy hat in passy foar keunst en kultuer en wol dy graach diele mei minsken. Dat is in misje. Mei Sense of Place hopet Mulder dat tsjin de krimp fan it plattelân yn de lokale ekonomy fan de doarpen oan de Waadkant in oppepper krije. Der is safolle moais en dat mei sjoen en dield wurde fynt Joop Mulder.

(advertinsje)
(advertinsje)