Ynbrekker wol fan flat springe

31 maaie 2012 - 10:57
Eikenstrjitte yn Ljouwert - Foto: Google Streetview

De plysje hat fannacht de omkriten fan in flat yn de Ljouwerter wyk Heechterp ôfset om ynbrekkers te pakken. In tsjûge hie sjoen dat trije manlju mei bivakmûtsen op besochten yn te brekken yn in wente yn de Eikenflat. Doe't de ynbrekkers de plysje seagen, woene se fan de galery ôf springe, mar dat diene se net.

De plysje trochsocht de flat en hâlde in 19-jierrige Harnzer, in 20-jierrige man út Frjentsjer en in 24-jierrige Ljouwerter oan. Yn it treppehûs fan de flat leine bivakmûtsen, in brekizer en skroevedraaiers.

De fertochten hiene kaaien by harren fan in stellen auto. Dy stie foar de flat parkeard.

Trefwurden: 
ynbraak flat Eikenflat
(Advertinsje)
(Advertinsje)