Wurksumheden fertraagje ferkear yn Ljouwert

05 aug 2017 - 10:37

Ferkear moat yn Ljouwert op ferskate plakken rekken hâlde mei fertraging. Sa is de Drachtsterwei oant en mei moandeitemoarn healwei tsienen ôfsletten foar ferkear dat de stêd yn wol. Ferkear dat de stêd út wol kin gewoan trochride en it fytspaad is ek iepen.

Dit wykein bringt oannimmer Heijmans asfalt oan om it nije akwadukt oan te sluten op de besteande dyk. Takom wykein is de Drachtsterwei ek ticht, mar dan foar ferkear dat de stêd út wol.

Dizze simmer wurdt yn ferskate fazen ek wurke oan de Dammelaan, dat is de rûnwei oan de noardkant fan Ljouwert. Dit wykein is in part fan de noardlike rydbaan ôfsletten.

Trefwurden: 
Ljouwert ferkear wurk
(Advertinsje)
(Advertinsje)