Kollum: "Genderneutraal pisje"

05 aug 2017 - 08:20

"It wie sa’n dei om even út te waaien. In soarte fan afterparty nei de fakânsje, noch ien dei even hielendal neat. Dus mei de auto de Ofslútdyk oer, op wei nei de Noardsee. As je oankomme lokket de strântinte je nei binnen foar kofje mei in stik appeltaart. Je moatte úteinlik de cholestorolspegel ek wat op oarder hâlde.

Dan komt it momint dat je de skuon en sokken út dogge. Nee, net op it terras fan dy strântinte, mar op it strân sels. Earst yn de wyn op. Kilometers lâns de râne fan it sâlte seewetter rinne, je sânstriele litte troch de hurde wyn, mei bleate fuotten troch it smoarge algenskom banjerje. Dêrnei boargerlik ûngehoarsum by ien fan de buordsjes delrinne dêr’t folslein helder op stiet dat soks net mei, in plakje út de wyn yn de dunen opsykje en oer dat nuveraardige lânskip stoarje. Mear hat in minske soms net nedich om in moaie dei te hawwen. Gjin bagaazje, gjin gesleep mei troep. Gewoan, rinne.

Fan rinnen krije je sin oan wat. Dus by it dún del, deselde rûte werom, mar no foar de wyn.

By de oergong ha wy de skuon wer oanlutsen en mei help fan omke Google ha wy útfûn wêr’t de lokale fiskboer sit. As je dan dochs by de see binne, falt in fiskje der altyd wol yn. It wie binnendoar drokker as bûten, dat kaam fansels troch dy hurde wyn. Foardat we de fisk krigen, noch even de hannen skjin en in sanitêre stop. Yn omkearde folchoarder, fansels. Doe seach ik dan der mar ien doar wie dêr’t toilet op stie.

Ik betocht my dat dit wol in tige learsume ûnderfining wurde koe. Dit moast wol hast in genderneutraal toilet wêze. Samar, yn in fiskwinkel flak oer de Ofslútdyk. Ik kom op in soad plakken, mar genderneutraal pisje stie noch op myn bucketlist.

No, ik sil jim sizze dat it my bot ôffoel. Net oer hoe’t it der útseach en hoe skjin it wie, hear. Dik yn oarder, totaal gjin klachten. Mar as de media al wiken oars gjin nijs hat dan dy genderdiskusje, stappe je hast mei triljende hannen sa’n húske yn.

It hiele o heden is, fansels, soe ik hast sizze, oerwaaid út Amearika. Dan moatte je al wat erchtinkend wurde, mar hawar. Je ferwachtsje der hiel wat fan, mar de opskuor der oer is tsien kear grutter dan wat it úteinlik opsmyt. Foar alle Friezen en oare gendersoarten dy’t noch nea yn in genderneutraal húske west ha, wês net benaud. De situaasje is sa: Jo stappe troch de doar en dêr is plak om jo hannen te waskjen.

Bykommend foardiel is dat de froulju der no wer âlderwetsks op tasjen kinne dat de manlju de hannen ek waskje, want jim witte wol dat dat der by de iene helte fan de wrâldbefolking faaks by bliuwt. En no net sizze dat it net sa is, ik kom al 48 jier yn de meast útienrinnende pishokken en wit dat de measte manlju stikem wer troch de doar ferdwine sûnder te hanwaskjen. Dit gendergedoch kin dat foar in part oplosse.

Foar it oare kinne jo kieze út in pear doarren mei dames der op en ien doar mei dames en heren. Dy doar is dus foar de lju dy’t net út de rie komme kinne. De manlju kinne om in hoekje stean gean te pisjen. As de akoestyk wat meiwurket kin elts meigenietsje. Prachtich moai. Ik stie te hanwaskjen neist in Dútske dame fan in jier as 70 dy’t har noas poeiere. Se knikte my freonlik ta. As de wrâldproblemen net grutter wurde, doch ik it der foar."

(Advertinsje)
(Advertinsje)