Pastory Skearnegoutum te djoer

27 okt 2011 - 11:20
Foto: Omrop Fryslân

De pastory yn Skearnegoutum is te djoer om ta doarpshûs ferboud te wurden. Dat konkludearje gemeente, doarpsbelang, skoalle en doarpshûsbestjoer. Sawol de skoalle as it doarpshûs binne driuwend oan ferfanging ta. Doe't de pastory te keap kaam like dat it ideale ûnderkommen foar it doarphûs, mar dat blykt net helber.

Nijbouplannen foar de skoalle by it sportfjild waarden earder al skrast omdat se te djoer wiene.

(Advertinsje)
(Advertinsje)